◄ Terug

Theater It wie op in simmerjûn

Agenda MFC Burdaard 
 20 jan 2019  |   15:00
MFC Het Spectrum   |   Burdaard

Entree 18,50 euro.  (Bestel uw kaarten digitaal https://mgtickets.nl/v/714.)


Theo en Anneke ha elkoar op lettere leeftyd fûn. Theo helpt sa goed as er kin by it finen fan in noflik plak yn in fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat sy allang net mear op ‘en paad kinne mei Daniël syn grutte hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre wolle sy út it libben stappe, nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’.

 

Fuort nei it kulturele jier 2018 giet de tragikomeedzje ‘It wie op in simmerjûn’ fan Pier21 yn premiêre. De foarstelling lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje foar de rest fan har libben. Mar dat libben giet somtiden syn eigen gong … Betûfte akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. Sy steane foar it earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. Earder skreau Oldenhof ‘Feteranen’, dat yn 2017 bekroand waard as bêste Frysktalige toanielstuk 2013-2016. It Fryske publyk ken Joke Tjalsma fan ‘Marijke Muoi’, dêr’t sy in glânsrol yn spile. Jan Arendz reizge resint troch de provinsje mei it suksesfolle ‘Bokwert’. De regy fan ‘It wie op in simmerjûn’ is yn hannen fan Jos Thie, fêste regisseur by Pier21 en de man achter de grutte 2018-produksje ‘De Stormruiter’.

 




0519 332470
info@mfcburdaard.nl
Schoolstraat 12, 9111 HH Burdaard

Kaart:


Openingstijden

Maandag t/m vrijdag:
van 9.00 uur tot 22.00 uur

Zaterdag:
van 7.45 uur tot 15.00 uur

Zondag:
van 9.00 uur tot 12.00 uur

Kalender

ma di wo do vr za zo
2
4
5
6
7
8
10
11
12
13
14
15
16
18
19
20
22
23  

Familiefilm

23-02-2019
24
25
26
27
28

Voorverkoop

De voorverkoop van de kaarten begint twee weken voor de voorstelling. Kaarten kunnen tegen contante betaling afgehaald worden aan de receptie van het MFC. Een eventuele kortingsprijs is geldig tot uiterlijk drie uur voor aanvang. Reserveringen via de mail worden niet in behandeling genomen